Taal
Frysk – Westgermaanske taal besibbe oan Ingelsk en Dútsk.
It Frysk yn Nederlân is besibbe oan it East-Frysk en it Noard-Frysk yn Dútslân.
Frysk en Nederlânsk binne foar elkoar maklik te ferstean.
Koarte beskriuwing fan de organisaasje dy’t meidocht oan it projekt
It Berie foar it Frysk is it advysorgaan foar it Fryske-taalbelied fan de provinsje Fryslân. De provinsjegrinzen komme fierhinne oerien mei de grinzen fan it Fryske-taalgebied. De leden fan it Berie foar it Frysk fertsjintwurdigje in ferskaat oan maatskiplike sektoaren, dêrby ynbegrepen media, hannel, oerheid, ûnderwiis en de wittenskip. De advyskommisje advisearret it provinsjaal bestjoer, organisearret workshops, stelt rapporten op en formulearret ûndersyksútstellen dy’t yn it belang wêze kinne fan it Frysk yn Fryslân en yn Nederlân, ek út Europeesk perspektyf wei.
Ynformaasje oer de tsien leden fan de advyskommisje en harren motivaasje foar it lidmaatskip is te finen op www.berie.nl
De list fan de advizen en rapporten kinne jo dêr ek fine. It postadres is: Provinsjehûs, Postbus 20120, 8900 HM Leeuwarden / Ljouwert. Nederland.
It gebied dêr’t de taal sprutsen wurdt
Provinsje Fryslân / Friesland (Nederland)
Taalsosjologyske gegevens
Fan de 625.000 ynwenners fan de Provinsje Fryslân brûke 400.000 minsken it Frysk as memmetaal.
Neffens it ûndersyk ûnder alle ynwenners fan 12 jier en âlder (1994):
- kin 94% Frysk ferstean
- kin 74% Frysk prate
- kin 65% Frysk lêze
- kin 17% Frysk skriuwe
Undersiken útfierd troch de Fryske Akademy, ‘Taal yn Fryslân’ (1984) mei Ingelske gearfetting ‘Language in Friesland’ (1988); Taal yn Fryslân op ‘e nij besjoen’ (1995) mei in koarte Ingelske gearfetting: ’What is the current state of Frisian?’
Language in Friesland
Taal yn Fryslân op 'e nij besjoen
Publikaasjes Taal yn Fryslân
SPSS-dossier voor sociale taalkunde onderzocht door de Fryske Akademy:
SPSS-bestannen
Onderzoek door het onderzoeksinstituut TNS NIPO (november 2004):
TNS NIPO (November 2004)
Euromosaic (1996): Posysje fan it Frysk yn de Europeeske rangoarder fan minderheidstalen: nûmer 15 fan de 48.
Wetlike status fan de taal
Frysk is de twadde offisjele taal fan Nederlân. Ynwenners fan de Provinsje Fryslân brûke de taal yn it deistich libben, likegoed yn formele- as yn ynformele situaasjes. De taal wurdt helte faker mûnling brûkt as skriftlik. Op nasjonaal nivo bestiet lykwols gjin Fryske-taalwet dy’t it belied stimulearret. Der bestiet in mozayk oan wetjouwing op it gebied fan de oerheid (ryk, provinsje, gemeenten), de rjochterlike macht, it ûnderwiis, media, kultuer (literatuer).
De mienskiplike ferantwurdlikheid fan de nasjonale regearing en de provinsje Fryslân is fêstlein yn de Bestuursafspraak Friese Taal en Cultuur 2001-2010.
Kaderverdrag bescherming nationale minderheden (goedkard 2004): Friezen foarmje de iennichste erkende nasjonale minderheid yn Nederlân.
Europees Handvest voor regionale of minderheidstalen (goedkard 1996):
Fries is de iennichste taal dy’t troch de Nederlânske Regearing erkend is yn diel III en dêr’t 48 bepalings yn diel III foar ûndertekene binne. (Underwiis: 9; Justysje: 6; Iepenbier bestjoer: 12; Media: 5; Kulturele aktiviteiten: 9; Ekonomysk en sosjaal libben: 5; Utwikselings oer de grins: 2).
Mienskiplike útdagings m.b.t. de taal
- Taaloerdracht yn de húshâlding (10% ferfal per generaasje)
- Kwaliteit fan Frysk taalûnderwiis (gjin sterk taalbewustwêzen en tebekrinnen fan taalkennis)
- Skaalfergrutting en fúzje fan ynstellings en ienheden fan lokale en regionale oerheid, ynstellings foar sûnenssoarch, wolwêzen, ûnderwiis en media
- Tanimmend forensisme en ferlies fan sosjale kohesy en tsjinstferliening (yn plattelânsgebieten) dogge ûnderstek oan it fan âlds homogene Frysktalige plattelân.
- Tekoart oan sichtberens fan de taal yn it taalkundige lânskip
- Tekoart oan kaaifigueren dy’t foarstander binne fan it taalgebrûk en de taalrjochten.
- De nauwe besibbens fan de Fryske en de Nederlânske taal docht sines ta ynterferinsjes én ta de hâlding dat Frysk in dialekt fan it Nederlânsk is. Dat makket it namste mear needsaaklik de status fan it Frysk as ûnôfhinklike taal te beklamjen en it taaleigen te brûken